Simeon is in yn it Nije Testamint neamde profeet, dy't Jezus nei de berte wijde yn de timpel fan Jeruzalim.
Neffens de Wet fan Moazes moast elts earstberne jonkje oan de Heare wijd wurde en sa teagen ek Joazef en Marije nei Jeruzalim om harren bern yn de timpel suverje te litten. De Wet skreau ek foar dat dêrby in pear toartels of in pear jonge dowen offere wurde moasten.
Simeon wurdt yn de Skrift omskreaun as in fromme en rjochtfeardige man, dy't de Hillige Geast oer him hie. De Hillige Geast hie Simeon ûnthjitten dat hy net earder stjerre soe, ear't hy de foarseine Kristus sjoen hie. It wie ek de Hillige Geast dy't Simeon nei de timpel dreau, doe 't dêr Joazef en Marije mei it bern hinne gyngen. Simeon naam it bern op 'e earms en út tankberens spriek Simeon in bea út, dat bekend woarn is as it Nunc Dimittis:
Nei't de âlden harren jonkje segenje lieten troch Simeon, foarsei de âlde profeet dat it jonkje net allinnich heil bringe soe mar ek tsjinspraak en fertriet. Mei de wurden ek troch jo hert sil in swurd gean tsjin Marije ferwiisde de profeet nei de marteldea fan har soan.