Sint-Fiktortsjerke (Obdam)

Sint-Fiktortsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Koggelân
plak Obdam
adres Dorpsstraat 151
koördinaten 52° 40'N 5° 54'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Fiktor fan Xanten
Arsjitektuer
arsjitekt Adrianus Bleijs
boujier 1891-1892
boustyl Neoromaansk en neogoatysk
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Sint-Fiktortsjerke (Noard-Hollân)
Sint-Fiktortsjerke

De Sint-Fiktortsjerke is in oan Fiktor fan Xanten wijde roomske tsjerke yn it Noard-Hollânske plak Obdam. De lêzers fan it Noordhollands Dagblad keazen de Sint-Fiktor yn 2008 út as de moaiste tsjerke fan de provinsje. Alhoewol't de tsjerke tige monumintaal is, hat it gebou net de status fan ryksmonumint.

De parochy makket diel út fan de 'Regio De Waterkant', in gearwurkingsferbân fan meardere parochy's, dy't fierhinne selstannich binne en in eigen idintiteit ha.[1]

Yn 2023 waard bekend dat de tsjerke ien fan 'e 9 katolike tsjerken fan dat gearwurkingsferbân is, dy't skielk ôfstjitten wurde sil. Foar de Fiktortsjerke sil dat yn in termyn fan maksimaal tsien jier barre. It gearwurkingsferbân hâldt dan allinne de roomske tsjerke fan Wognum oer.[2]

  1. PDF 'De Waterkant'
  2. Noard Hollânsk Nijs, 24 july 2023

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne