Sint-Janskatedraal (De Bosk)

Sint-Janskatedraal
De katedraal fan it bisdom De Bosk
De katedraal fan it bisdom De Bosk
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
plak De Bosk
adres Torenstraat 16
koördinaten 51° 41 N 5° 18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom De Bosk
patroanhillige Jehannes de Evangelist
Arsjitektuer
arsjitekt û.o. Alaert du Hamel en Lambert Hezenmans
boujier 1220 oant 1530
boustyl Brabânske gotyk
hichte toer: 73 meter
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21879
Webside
Side fan de parochy
Kaart
Sint-Janskatedraal (De Bosk-Sintrum)
Sint-Janskatedraal

De Katedrale Basilyk fan Sint Jan de Evangelist, koartwei de Sint-Janskatedraal, op 'e hoeke fan 'e Parade en de Toerstrjitte yn de binnenstêd fan De Bosk wurdt beskôge as in hichtepunt fan 'e Brabânske gotyk. De katedraal makket yndruk troch de ôfmjittings en rykdom oan byldhouwurk. Eartiids as in parochytsjerke boud, waard de Sint-Jan yn 1366 in kapitteltsjerke en yn 1559 de katedraal fan it doedestiidsk nij bisdom De Bosk. Op 22 juny 1929 krige de tsjerke de pauslike earetitel basilyk.

It gebou hat de foarm fan in krústsjerke, mear spesifyk in krúsbasilyk. De tsjerke heart ta de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch en jildt as in saneamd "kanjermonumint", in kwalifikaasje dy't sûnt it jier 2000 by dit Ryk yn gebrûk is by de ferdieling fan jild foar restauraasjes.

Alle jierren bringe mear as twa miljoen minsken in besite oan 'e katedraal en om in kears te baarnen by Us-Leaffrou fan De Bosk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne