Sintraal Planburo Centraal Planbureau | ||
algemiene ynformaasje | ||
namme folút | Centraal Planbureau | |
ôfkoarting | CPB | |
lân | Nederlân | |
haadkertier | De Haach (Súd-Hollân) | |
oprjochte | 1945 | |
falt ûnder | Min. f. Ekonomyske Saken | |
doel | advys oangeande de ekonomy | |
offisjele webside | ||
www.cpb.nl |
It Sintraal Planburo (Nederlânsk: Centraal Planbureau), gauris ôfkoarte ta it CPB, is in advysorgaan fan 'e Nederlânske oerheid dat ressortearret ûnder it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Dizze ynstelling leit him ta op it meitsjen fan ekonomyske prognoazes en analyzes, en besiket dêrby safolle mooglik wittenskiplik ferantwurde en by de tiid te wêzen. It CPB is fêstige yn De Haach, en bestiet sûnt 1945.