It Siuwsk is in Friso-Frankyske streektaal. Mei it West- en Frânsk-Flaamsk foarmet it in apart kluster súdwest-Nederlânske dialekten. Jakob fan Maerlant ûnderskiede al in tal selsstannige 'Dietse' (streek-)talen en it Siuwsk is dêr ien fan, sa’t bliken docht út ûnder mear de prolooch fan syn Sinte Fransiscus Leven:
Men moet om de rime te souken
Misselike tonghe in bouken:
Duuts, Diets, Brabants, Vlaemsch, Zeeus;
Walsch, Latijn, Griex ende Hebreeus
(Misselike tonghe = ferskate talen)
Siuwsk waard doe dus stavere as 'Zee(u)s(ch)' en wie as begryp gongber as oantsjutting fan de taal fan de Flaamske kust. Dêrûnder ferstie men oant sawat begjin 15e iuw it hiele eilânrike kustgebiet fan Oostvoorne oant foarby Duinkerken. Tsjintwurdich, no’t streektalen en minderheidstalen folop yn de belangstelling steane, binne hieltiten mear minsken fan miening, dat it Siuwsk, krektas it Nedersaksysk en it Limburchsk, as selsstannige streektaal erkend wurde moatte. It Jeropeesk Hânfêst foar Streek- of Minderheidstalen jout dêr mear as genôch mooglikheden foar. Op provinsjaal nivo wurdt dêroer sûnt koarten oerlis fierd. De fraach dy’t dêrby fansels opkomt, is oft dy erkenning ek foar it Frânsk- en West-Flaamsk jilde moatte soe. Belgje en Frankryk hawwe it niisneamde hânfêst lykwols net ûndertekene, al soe Frankryk op it punt stean dat no wol te dwaan. Der is oerlis tusken Seelân en Frânsk-Flaanderen.