Skagen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Noard-Jutlân | |
Gemeente | Frederikshaven | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.515 (2011) | |
Oerflak | 143 km² | |
Befolkingsticht. | 60 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC + 1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.skagen.dk |
Skagen is it meast noardlike plak fan Denemark en leit oan de noardeastkust fan Jutlân. Yn 2007 waard de gemeente Skagen opnaam yn de gemeente Frederikshavn. De eardere gemeente Skagen hie op 1 jannewaris 2000 12.691 ynwenners en besloech 143 km2.
Noardlik fan Skagen komme de Noardsee (Skagerrak) en it Kattegat byelkoar by de lânpunt Grenen; de botsende weagen jouwe de see in rûch oansjen. Under Grenen stiet de fjoertoer fan Skagen, Skagen Fyr, dy't de heechste fan Denemark is.