Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip

Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 70132 n.Kr.

De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Jeremia, dat sadwaande ek wol it Geheime Boek fan Jeremia neamd wurdt (al wurdt dy namme ek wol brûkt om guon fragminten fan in oare tekst oan te tsjutten dy't te Qumran mank de Deade-Seerôlen fûn binne). De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is oerlevere yn manuskripten yn it Koptysk, it Arabysk en it Garshuni (Arabysk skreaun yn it Arameeske alfabet), al wie it orizjineel nei alle gedachten yn it Gryksk. Saakkundigen binne fan betinken dat it datearre wurde moat tusken 70 en 132, en dat de anonime wiere skriuwer foar 't neist fan Joad wie. Neitiid moat it nochris bewurke wêze troch in kristlike redakteur, sadat de úteinlike foarm wol wat wei hat fan 4 Barûch, in oare apokrife tekst.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne