Skiifkwabben

skiifkwabben
In pearsstrekige kwab (Chrysaora colorata).
In pearsstrekige kwab (Chrysaora colorata).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
klasse: skiifkwabben (Scyphozoa)
Götte, 1887

De skiifkwabben (wittenskiplike namme: Scyphozoa) foarmje in klasse fan it tuskenryk fan 'e radiaaldieren (Radiata) en de stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria). Dizze groep kwabben wurdt soms ek wol oantsjut as de 'echte kwabben', mei't se it paraplufoarmige lichem hawwe dat it meast mei kwabben assosjearre wurdt. Skiifkwabben binne nau besibbe oan ferskate oare taksonomyske klassen, dy't ek ta de kwabben rekkene wurde, nammentlik de kubuskwabben (Cubozoa), de stâlkwabeftigen (Staurozoa) en in diel fan 'e kwabpolipen (Hydrozoa). Nettsjinsteande de namme binne de ribkwabben (Ctenophora) folle minder nau oan 'e skiifkwabben besibbe, en wurdt dy groep feitliks net iens ta de kwabben rekkene.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne