It Skokkersk wie in dialekt dat sprutsen waard op it âlde eilân Skoklân. It wie in Nedersaksysk dialekt mei in protte Hollânske ynfloeden. It dialekt wie besibbe mei it Urksk, dochs wie Skokkers mear besibbe mei it Nedersaksysk fan Oerisel as it Urksk. It dialekt waard likernôch oant healwei de 20e iuw sprutsen.
Nei de ûntromming fan Skoklân yn 1859 is it dialekt troch de âld-ynwenners fan Skoklân meinaam nei harren nije wenplakken. Bygelyks Folendam, Kampen en Follenhove. Tsjintwurdich is it Skokkersk as sprekkerstaal net mear yn gebrûk, mar de Skokkerske feriening besiket it dialekt yn libben te hâlden.