Slach by Norden

De Slach by Norden fûn plak yn 880 by Norden, yn (East-Fryslân), tusken de Friezen en Wytsingen. De slach waard wûn troch de Friezen.

It ferset tsjin de Wytsingen waard doe organisearre troch biskop Rembertus fan Bremen dy't tafallich yn dizze kontreien oanwêzich wie. Neffens de skreaune boarne kaam by Norden in grutte Fryske kriichsmacht byinoar, dy't út mear as 10.000 striders bestie, mar sa'n grut oantal is wierskynlik net betroud.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne