Slach by Little Muddy Creek (ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
|
|
datum: |
7 maaie 1877
|
plak: |
oan 'e Little Muddy Creek, yn súdlik Montana
|
útkomst: |
Amerikaanske oerwinning
|
konfliktpartijen
|
|
befelhawwers
|
|
sterkte
|
|
ferliezen
|
5-14 deaden ±20 ferwûnen ±40 kriichsfinzenen
|
4 deaden 10 ferwûnen
|
|
kaart
|
|
|
|
De Slach by Little Muddy Creek wie in skermutseling oan 'e igge fan 'e Little Muddy Creek, yn súdlik Montana, dy't op 7 maaie 1877 útfochten waard troch it Amerikaanske Leger mei in troep Minnikonzjû-Lakota en Noardlike Sjajinnen. Dit treffen, dat de lêste wapene konfrontaasje fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie, einige mei in Amerikaanske oerwinning. De Slach by Little Muddy Creek is benammen bekend wurden om it Minnikonzjû-opperhaad Kreupel Hart (Lame Deer) der omkaam, nei wa't letter it deunby leine plak Lame Deer ferneamd is.