Slachskip

De USS Iowa toant de fjoerkrêft fan syn njoggen 16 inch- en seis 5 inch-kanonnen.

In slachskip is in grut pânsere oarlochsskip, dat tarist is mei ien of mear batterijen swier geskut, besteande út kanonnen fan in swier kaliber. Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw en de earste tritich à fjirtich jier fan 'e tweintichste iuw wie it slachskip it grutste en krêftichste type oarlochsskip dat der wie. De doetiidske floaten fan grutmachten as it Feriene Keninkryk, it Keizerryk Dútslân, Frankryk, de Feriene Steaten en Japan wiene konsintrearre om slachskippen hinne. Tsjin 'e tiid dat yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek, wie it slachskip lykwols efter de tiid rekke, mei't oare marineskippen folle brûkberder blieken foar de oarlochfiering op see, lykas de lytsere en fluggere torpedoboatjager, de glûpske dûkboat en it breder ynsetbere fleandekskip. Hoewol't inkele slachskippen in nij doel krigen as farrend platfoarm foar fjoerstipe en/of stjoerde raketten, wiene der mar in bytsje lannen dy't nei 1960 noch sokke skippen yn aktive tsjinst hiene. De alderlêste slachskippen waarden oan it begjin fan 'e 1990-er jierren ôftanke.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne