Under slachynstruminten wurde meast muzykynstruminten ferstien dy't ornaris mei in slachtechnyk bespile wurde, lykas de ferskate soarten trommels, bekkens en lytsere ynstruminten sûnder spesifike toanhichte. Fierder binne der slachwurkynstruminten mei in spesifike toanhichte, lykas de pauken en de gong. It drumstel (in kombinaasje fan trommels, bekkens en inkeld ek perkusje-ynstruminten) wurdt meast brûkt yn pop- en rockbands, yn jazzmuzyk en hieltyd faker yn orkestferbân.