Sleeswyk-Holstein | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Dútslân | |
Basisgegevens | |
Lân | Dútslân |
Haadstêd | Kiel |
Oerflakte | 15.761,4 km² |
Befolking | 2.833.250 (31-03-2007) |
Befolkingstichtens | 178 ynw./km² |
Distrikten | |
Sleeswyk-Holstein (Dútsk: Schleswig-Holstein; Deensk: Slesvig-Holsten; Noardfrysk: Slaswik-Holstiinj) is in dielsteat (Bundesland) fan Dútslân, mei 2.820.000 ynwenners (2003), en mei in oerflak fan 15.761 km². Sleeswyk-Holstein waard yn 1946 oprjochte út 'e Provinsje Sleeswyk-Holstein fan 'e Frijsteat Prusen yn nazy-Dútslân. Foar 1866 bestie it út twa parten: Hartochdom Sleeswyk en Hartochdom Holstein.