Snikke

In snikke, út: G. Groenewegen, 'Verzameling van vierentachtig stuks Hollandsche schepen', Rotterdam 1789.
Fryske snik, kolleksje Suderseemuseum
Houten Grinzer snik foar persoaneferfier, Grins 1877. Let op de mêstkokers.

In snik of snikke wie in sylskip mei ien mêst foar de binnenfeart. It wie in populêr skipstype foar de beurtfeart. Njonken dat wie it ek in fiskersskip mei twa mêsten, in type dat fral op de Waadsee brûkt waard. Wierum, Peazens-Moddergat, it Amelân en Skiermûntseach hiene snikken foar de fiskerij.
Dy skippen waarden yn nauwe fearten, at der gjin wyn wie, faak lutsen, sadat 'snik' faak ûnterjocht as synonym foar trekskip brûkt wurdt. Allinnich yn de provinsje Grinslân wie it brûken fan snikken yn de trekfeart algemien.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne