Snoke personaazje út Star Wars | ||
Snoke as hologram yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Sith-master, diktator | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Palpatine Kylo Ren Armitage Hux Rey | |
geastlike heit | Lawrence Kasdan J.J. Abrams Michael Arndt | |
ûntstean | 2015 |
Snoke is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hy komt foar yn 'e earste beide films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2017 makke waarden. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Snoke is de opperste lieder fan 'e Earste Oarder, in faksistoïde steatsferbân dat stribbet nei de oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel. De rol fan Snoke waard yn beide films spile troch akteur Andy Serkis.