Sonnet 18 of Shall I compare thee to a summer's day? is ien fan de bekendste fan de 154 Sonnetten fan William Shakespeare. It tema is de fergonklikens fan ierdske moaiens en de ivichheid fan de poëzy. Hjoeddedei wurdt jamk te praat brocht dat it oarspronklike ûnderwerp fan it gedicht, Shakespeares leafste, foar wa't it gedicht skreaun is, in man wie, wylst mannichien it sonnet brûkt ta it beskriuwen fan in frou.