Spegelbyld

refleksje
Fytsrefleksje
In tekst yn spegelbyld is min te lêzen. Hjir stiet: 'Spiegelschrift' yn spegelbyld.

It spegelbyld of refleksje (fan it Latynske reflexio, mei deselde betsjutting) is it byld dat men sjocht yn in spegel of in oar reflektyf oerflak lykas in wetteroerflak.

Yn abstrakte foarm, yn de mjitkunde, is it spegelbyld fan in objekt it byld fan dat objekt ûnder de mjitkundige operaasje fan refleksje yn in flak. Yn in flak komt it spegelbyld fan in twadiminsjonaal objekt, lykas in tekst of in ôfbyld op papier, oerien mei it resultaat fan'e mjitkundige wurking fan refleksje yn in line.

As in mjitkundich spegelbyld fan in begrinzge foarwerp identyk is oan it orizjineel útsein ferpleatsing en rotaasje, wurdt sein dat it spegelsymmetrysk is. As it foarwerp ûnbegrinze is, kin it ek in glidende refleksje of in rotearjende refleksje wêze.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne