Spokane | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Spokane County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 209.525 (2012) | |
Oerflak | 155,5 km² (ynkl. wetter) 153,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.361,4 / km² | |
Stêdekloft | 532.253 (2010) | |
Hichte | 562 m | |
Oar | ||
Stifting | 1871 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 38°55′11″N 97°13′02″W | |
Offisjele webside | ||
www.spokanecity.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Spokane yn Spokane County en yn 'e steat Washington. |
Spokane (útspr.: [spoʊ'kʰæn], likernôch: "spoo-k'hên", beharkje) is de op ien nei grutste stêd fan 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington (nei Seattle), en it haadplak fan it omlizzende Spokane County. It leit oan 'e rivier de Spokane, yn it eastlike part fan Washington, likernôch 32 km fan 'e grins mei Idaho ôf, en 148 km besuden de Kanadeeske grins. De offisjele bynamme fan 'e stêd is the Lilac City ("de Seringestêd"), nei de sering, dy't yn it gebiet om Spokane hinne florearre hat sûnt er der oan it begjin fan 'e tweintichste iuw yntrodusearre waard. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Spokane doe krapoan 210.000 ynwenners. As dêr alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite by opteld wurde, komt de befolking fan Spokane as stêdekloft út op goed 532.000 minsken.