Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Alan Dean Foster (op namme fan George Lucas) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1976, New York | |
oarspr. útjwr. | Ballantine Books | |
rige | ||
rige | Star Wars | |
kodearring | ||
ISBN | 0 34 52 60 619 |
Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker is in science fiction-roman en de ferboeking fan 'e earste film út 'e Star Wars-franchise. Dy hiet oarspronklik Star Wars en kaam yn 1977 út. It boek, dat publisearrew waard troch útjouwerij Ballantine Books, ferskynde lykwols in healjier foàr de film, yn 1976, en waard basearre op it oarspronklike senario en net op 'e foltôge film. Sadwaande komme der stikjes yn foar dy't net yn 'e film sitte om't se letter by de filmmontaazje fuortknipt binne. Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker ferskynde op namme fan Star Wars-betinker George Lucas, mar waard eins skreaun troch ghostwriter Alan Dean Foster. Nei't de film yn 1981 mei weromwurkjende krêft omneamd wie ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, kamen letter werprintingen fan it boek út ûnder de titel Star Wars: A New Hope.