Steen Steensen Blicher | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Steen Steensen Blicher | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 11 oktober 1782 | |
berteplak | Vium (Denemark) | |
stoarn | 26 maart 1848 | |
stjerplak | Spentrup (Denemark) | |
etnisiteit | ![]() | |
reg. identiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Deensk, Jutsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, detektiveromans, poëzij | |
perioade | 1e helte 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Brudstykker af en Landsbydegns Dagbog Præsten i Vejlby E Bindstouw | |
jierren aktyf | 1824 – 1848 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Steen Steensen Blicher (Vium, by Viborg, 11 oktober 1782 – Spentrup, 26 maart 1848), wie in Deensk skriuwer, dichter, oersetter en predikant fan Jutsk komôf. Hoewol't er yn syn eigen tiid net bot wurdearre waard, wurdt er hjoed de dei beskôge as de pionier fan 'e novelle en it koarte ferhaal yn 'e Deenske taal, en as ien fan 'e grutte figueren út 'e Deenske literatuer, ferlykber mei Hans Christian Andersen en Karen Blixen. Yn 2006 waard syn novelle Præsten i Vejlby as ien fan mar tsien literêre wurken opnommen yn 'e Deenske Kultuerkanon. Njonken syn ynfloed op it Deensk wie Blicher ek tige wichtich foar it Jutsk, syn memmetaal, dat er suver as ien fan 'e earste auteurs ta skriuwtaal ferhefte.