Steven H.P. de Jong | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Steven Hotse Pieter de Jong | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 12 febrewaris 1935 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
stoarn | 31 augustus 2018 | |
stjerplak | Burgum (Fryslân) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Frysk, Stedsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, poëzij | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
De Wuttelhaven Del | |
prizen | Gysbert Japicxpriis 1992 | |
jierren aktyf | 1965 – 2011 |
Steven H.P. de Jong (folút: Steven Hotse Pieter de Jong; Ljouwert, 12 febrewaris 1935 – Burgum, 31 augustus 2018)[1] wie in Frysk skriuwer en dichter, dy’t in grut oeuvre op syn namme hie, mar foaral bekend wurden is troch de roman De Wuttelhaven Del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert Japicxpriis mei wûn. Behalven yn it Frysk skreau er ek yn it Stedsk, en dêropta sette er Nederlânsktalich wurk oer nei it Frysk. De Jong wenne in skoft yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.