Stillibben

Jan Brueghel de Alde (1568-1625), Boeket (1599), in ier foarbyld fan in stillibben.

In stillibben is in artistike komposysje (skilderij, tekening, foto), fierwei it meast fan in (dea) foarwurp. It giet dan om objekten út de natoer sa as iten, blommen, planten, stiennen of skelpen; of troch minsken makke alledeistige dingen sa as fasen, potsjes en pansjes, munten, boeken, tabaksdoazen, ensafuorthinne.

De oarsprong fan it stillibben leit al yn de midsiuwen en ek yn de Grykske- en Romeinske âldheid waarden sy al makke. It stillibben joech de keunstner fan dy tiid mear frijheid fan komposysje en kleurgebrûk as yn it gefal fan in portret of in lânskip, dêr't de komposysje en kleurtoan fan fêst leit. Nei 1800 spile dit motyf hoe langer hoe minder in rol.
Stillibbens fan foar 1700 hawwe faak religieuze en/of allegoaryske symboalen. Doetiids ferstiene taskôgers de djippere betsjutting fan sjochtwei foarwurpen better as no. Bygelyks in memento mori, troch in kombinaasje fan in bibel mei in minsklike plasse ôf te byldzjen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne