Stonehenge is in megalitysk momumint út de Prehistoarje. It leit tichtby it plakje Amesbury, op de Salisbury Plain, yn it Ingelske greefskip Wiltshire. It monumint bestiet út grutte stiennen dy't yn in sirkel steane. It wurd henge yn "Stonehenge" is fan Germaanske komôf en betsjut sokssawat as "hingje". Nei alle gedachten waard Stonehenge boud tusken 3500 en 1500 f.Kr., in krekte datearring is lykwols net te meitsjen. Wat de bouwers mei de konstruksje fan doel wienen is tsjuster. Der binne guons dy't tinke dat it brûkt waard troch prehistoaryske astronomen, oaren hâlde it derop dat it te krijen hat mei religy.