Streektaal, soms ek oantsjut as regionale taal, is in begryp dat foar beskate taalfarianten brûkt wurdt. Yn 'e regel wurde taalfarianten oersichtlik (hoewol soms frijwat willekeurich) ferdield yn talen en dialekten, wêrby't in dialekt net as in folweardige taal sjoen wurde, mar as ûnderdiel fan in grutter taalferbân. De term 'streektaal' omsylt dy yndieling en wurdt ornaris opfet as grutter en/of wichtiger as in dialekt, mar lytser en/of fan minder belang as in taal. Dêrnjonken is in streektaal yn 'e politike en bestjoerlik-juridyske sin eltse taalfariant dy't troch de oerheid mei de term 'streektaal' oantsjut wurdt, wylst it begryp yn 'e poer taalkundige sin ferwiist nei in almeast lytse taalfariant wêrfan't it spraakgebiet konsintrearre is yn of beheind is ta in beskate lânstreek. Streektalen genietsje soms (mar lang net altyd) erkenning fan 'e oerheid, mar hawwe oer it algemien gjin offisjele status: d.w.s. de sprekkers hawwe gjin rjocht op it brûken fan harren streektaal, bgl. yn kommunikaasje mei de oerheid.