Sulveren Harpe | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | muzyktalint | |
útrikt troch | Buma Cultuur | |
frekwinsje | 1x jiers (meardere winners) | |
datum | febrewaris | |
ynsteld | 1968 | |
1e útrikking | 1969 | |
opheft | 2014 | |
offisjele webside | ||
www.bumacultuur.nl/prijzen |
De Sulveren Harpe (Nederlânsk: Zilveren Harp) wie in Nederlânske priis dy't fan 1969 oant en mei 2011 alle jierren útrikt waard oan nije artysten yn 'e Nederlânske muzykyndustry. It wie bedoeld as in oanfiteringspriis foar oanstoarmjend talint, en wie ferbûn mei de Gouden Harpe, dat in oeuvrepriis wie. De tawizing en útrikking fan beide prizen wie yn 'e hannen fan Buma Cultuur, in dochterorganisaasje fan 'e Buma/Stemra. De winners waarden oer it algemien oan 'e ein fan it oangeande jier útornearre, wêrnei't de útrikkingsseremoanje yn febrewaris fan it jier dêrop holden waard.