Suzanne | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Σουσαννα ("Sousanna") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ? | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Azarja | |
● folgjend diel | Bel en de Draak | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Suzanne | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | pater S. Galama ofm | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Suzanne, yn it Hebriuwsk: שׁוֹשַנָה, Šōšannāh (eins in frouljusnamme dy't fan "leelje" betsjut) en yn it Gryksk: Σουσαννα, Sousanna, is in omstriden tafoeging oan Daniël, in boek dat diel útmakket fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Suzanne fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa âldere rjochters ferge wurdt om seksuële omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat God ûnskuldigen bystiet dy't trou bliuwe oan syn geboaden. Suzanne is inkeld oerlevere yn it Gryksk.