Swarte Tsjettel | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Moketavato | |
oare namme | Black Kettle | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | ±1803 | |
berteplak | westlike Feriene Steaten | |
stoarn | 27 novimber 1868 | |
stjerplak | oan 'e Washita (Oklahoma) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Súdlike Sjajinnen | |
jierren aktyf | ±1825 – 1868 |
Swarte Tsjettel (Sjajinsk: Moketavato, útspr.: [mokɪtavato]; Ingelske oersetting: Black Kettle; ±1803 – oan 'e rivier de Washita (Oklahoma), 27 novimber 1868) wie in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't er him fersette tsjin 'e opkringende kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de Amerikanen, wied er in fredesstifter, dy't ferdraggen akseptearre om syn folk te beskermjen. Hy oerlibbe yn 1864 it Bloedbad fan Sand Creek, mar kaam om yn it Bloedbad fan de Washita, in Amerikaanske oanfal op syn kamp, yn 1868.