Swarteweisein

De útspanning op Swarteweisein
De boarterstún yn 1913

Swarteweisein is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De namme betsjut letterlik: ein fan de Swartewei.

De Swartewei is de âlde namme fan de dyk tusken Ljouwert en Swarteweisein. De wei waard tusken 1531 en 1533 op oanstean fan Georg Schenk fan Toutenburch oanlein. Hy hie nammentlik de bûtenpleats Toutenburch ûnder Ryptsjerk en woe in koartere ferbining mei de haadstêd hawwe. Boppedat waard de rûte Ljouwert - Grins sa ek in stik koarter. Earder moast de reizger oer Huzum, Tynjedyk nei Tytsjerk en sa fierder nei Hurdegaryp en Grins. De Swartewei wie in grint- en púndyk. Oan it nije krúspunt ûntstie de buorskip.

Yn 1830 waard de wei nei Grins in strjitwei. It stik Swartewei fan Ljouwert nei it Ald Tolhûs kaam doe te ferfallen.

Op Swarteweisein wie in útspanning mei in boarterstún. Teffens hat it plak sûnt 1851 de saneamde Bosk fan Ypey, oanlein by Fiversburch troch Nicolaas Ypey neffens in ûntwerp fan Lucas Roodbaard. Fanâlds soarge dy foar in soad ferdivedaasje. Letter kaam dêr it bekende hotel-restaurant E10 oan de wilens drokke N355 noch by.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne