Sybrand Buma | ||
![]() | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Sybrand van Haersma Buma | |
Berne | 30 july 1965 | |
Berteplak | Warkum | |
Partij | CDA | |
Titels | mr. | |
Politike funksjes | ||
2002 | gemeenteriedslid Leidsendam-Foarburch | |
2002-2019 | lid Twadde Keamer | |
2010-2019 | fraksjefoarsitter CDA Twadde Keamer | |
2012-2019 | polityk lieder CDA | |
2019-.... | boargemaster Ljouwert |
Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is in Nederlânsk politikus fan it CDA. Alhoewol't syn offisjele namme Van Haersma Buma is, wurdt dy faak ôfkoarte ta Buma. Hy wie fan 2010 oant 2019 fraksjefoarsitter fan dy partij yn 'e Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er op 30 juny formeel beneamd waard. Earder dielde er it partijliederskip mei fise-minister-presidint en minister Maxime Verhagen en partijfoarsitter Ruth Peetoom. Yn 2019 waard Van Haersma Buma oansteld as boargemaster fan Ljouwert.