Syrus de Grutte

Syrus de Grutte
aadlik persoan en/of hearsker
In reliëf fan Syrus de Grutte.
In reliëf fan Syrus de Grutte.
nasjonaliteit Perzysk
bertedatum ±600576 f.Kr.
berteplak Anshan
stjerdatum 530 f.Kr.
stjerplak oan 'e Syr Darja
dynasty Achaimeniden
etnisiteit Perzysk
kening der keningen fan Perzje
regear 559530 f.Kr.
foargonger Kambyses I
opfolger Kambyses II
kening fan Meedje
regear 549530 f.Kr.
foargonger Astyages
opfolger Kambyses II
kening fan Babylon
regear 538530 f.Kr.
foargonger Nabonidus
opfolger Kambyses II

Syrus II (Aldperzysk: 𐎤𐎢𐎽𐎢𐏁, Kūruš; Nijperzysk: کوروش, Kūruš; ±600 f.Kr. of ±576 f.Kr.530 f.Kr.), better bekend as Syrus de Grutte of Syrus de Aldere, en yn 'e Bibel Koaresj neamd, wie in Perzysk kening en de stifter fan it Achaimenidyske Perzyske Ryk. Under syn regear, fan 559 f.Kr. ôf, wreide Perzje him út oant it alle eardere beskavings fan it Heine Easten omfette, mei grinzen dy't fan 'e Bosporus oant Ynje en fan 'e Sinaï oant de Kaukasus en Sintraal-Aazje rikten. It iennichste wichtige ryk fan it Midden-Easten dat er net ferovere, wie Egypte, en it iennichste dat him dat belette, wie syn dea op it slachfjild oan 'e rivier de Syr Darja, yn 530 f.Kr.

Syrus de Grutte wurdt beskôge as de grûnlizzer fan 'e nasjonale identiteit fan it hjoeddeisk Iraan. Fan him is ek de saneamde Syrussylinder oerlevere, dy't wol beskôge wurdt as in iere minskerjochteferklearring. Hy is hjoed de dei yn 'e Westerske wrâld it bekendst, om't er yn 538 f.Kr., nei syn ferovering fan it Babyloanyske Ryk, in ein makke oan 'e Babyloanyske Ballingskip, sa't op ferskate plakken yn 'e Bibel fernijd wurdt, en de Joaden tastie en sels oanmoedige om werom te kearen nei harren heitelân. Mei dêrtroch oardielet de skiednis hiel geunstich oer him. Foar syn tiid fierde er in tige liberaal bewâld en hy wie ferdraachsum foar oare godstsjinsten oer, wat him úteinlik de bynamme "de Grutte" opsmiten hat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne