Syrysk-Otterdokse Tsjerke | ||
It kleaster Mor Mattai, by Mosûl, yn Irak. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Syryske Otterdokse Tsjerke fan Antiochië | |
stifting | ±35 n.Kr. | |
ûnôfhinklik | 451 (f.d. Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
erkenning | 1984 (Roomsk-Katolike Tsjerke) | |
titel primaat | patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten | |
sit primaat | Damaskus (Syrje) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | oriïntaalsk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Syrysk | |
ledetal | 1.430.000 (neffens de WCC) 3.430.000 (ynkl. Jakobityske Tsjerke) | |
webside | syrian-othodox.com |
De Syrysk-Otterdokse Tsjerke, folút: de Syryske Otterdokse Tsjerke fan Antiochië (Syrysk: ܥܕܬܐ ܣܘܪܝܝܬܐ ܬܪܝܨܬ ܫܘܒܚܐ ܕܐܢܛܝܘܟܝܐ, ʿĪdto Suryoyto Triṣaṯ Šuḇḥo d-Anṭiuḵiya), is in kristlike tsjerke fan oriïntaalsk-otterdokse synjatuer. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e patriarch fan Antiochië en Hiel it Easten, waans sit (sa't syn titel al oantsjut) histoarysk yn Antiochië wie, mar dy't hjoed de dei yn 'e Syryske haadstêd Damaskus residearret. De Syrysk-Otterdokse Tsjerke brûkt it Syrysk, in deade taal dy't nau besibbe is oan it Arameesk, as tsjerketaal. De bibelske kanon fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke giet werom op 'e âlde bibeloersetting yn it Syrysk, de Peshitta.