Sytse Douma

Sytse Wybren (Sytse) Douma (Ljouwert, 1942) is in Nederlânsk bedriuwskundige en eardere heechlearaar ûndernimmingsstrategy oan de Tilburg University.

Nei it Steedlik Gymnasium Ljouwert studearre Douma yn 1967 ôf in tapaste wiskunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1981 promovearre er dêr op it bedriuwsekonomysk proefskrift De financiële steun door de overheid aan individuele ondernemingen in moeilijkheden.

Nei syn ôfstudearjen waard Douma yn 1967 organisaasje-adviseur by Berenschot. Fan 1974 oant 1977 wie er haad fan de ôfdieling finansjele tsjinsten by de bank Pierson, Heldring en Pierson. Yn 1977 gie hy werom nei de universiteit as wittenskiplik haadmeiwurker by de ynterfakulteit Bedriuwskunde, dêr't hy ek promovearre. Fan 1983 oant 1987 wie hy heechlearaar Bedriuwsekonomy oan de Iepen Universiteit, en fan 1987 oant 2007 wie hy heechlearaar "Organisatie van de Onderneming" oan de Katolike Hegeskoalle Tilburg. Fan 2003 oant 2007 wie Douma ek dekaan fan de fakulteit Technology Management oan de Technyske Universiteit Eindhoven.

De ûndersyksynteresses fan Douma lizze op it mêd fan de ûndernimmingsstrategy en ekonomyske organisaasjeteory. Dêr hat er njoggen boeken en in soad artikels oer skreaun.[1]

  1. Sytse Douma (2007). Met of zonder baas?. Ofskiedskolleezje útsprutsen op 21 septimber 2007 oan de Techyske Universiteit Eindhoven. (bron)

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne