Tall Ships' Races | ||
![]() | ||
De Amerigo Vespucci yn New York, yn 1976. | ||
plak en tiid | ||
lân | wikselet | |
plak | wikselet | |
tiid fan it jier | july en/of augustus | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sport (silen) | |
bestean | 1956 – no | |
org. troch | Sail Training International | |
offisjele webside | ||
Tall Ships' Races op Facebook |
De Tall Ships' Races binne in ynternasjonale sylwedstryd yn Jeropa foar saneamde tallships (grutte sylskippen), dy't elts jier yn july en/of augustus holden wurdt. It start- en finishplak en de ôf te lizzen rûte binne elts jier oars, mar it trajekt bestiet (tsjintwurdich) ornaris út twa wedstrydetappes fan ferskate hûnderten seemilen, mei dêrtuskenyn in 'freonskipsfeart' dy't de skippen mei-inoar farre. Guon jierren wurde der twa wedstriden holden yn ferskillende dielen fan 'e wrâld. De Tall Ships' Races, dy't foar it earst yn 1956 organisearre waarden, binne bedoeld om ynternasjonale freonskip oan te fiterjen en om jongerein ûnder de 25 jier yn 'e kunde komme te litten mei de see en mei it silen. It is dêrom ferplichte dat de helte fan 'e bemanning tusken de 15 en 25 jier âld is.