Tallahassee | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Leon County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 181.376 (2010) | |
Oerflak | 268 km² (ynkl. wetter) 260 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 698,6 / km² | |
Stêdekloft | 375.371 (2010) | |
Hichte | 62 m | |
Oar | ||
Stifting | 1786 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 30°27′18″N 84°15′12″W | |
Offisjele webside | ||
www.talgov.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Tallahassee yn Leon County en yn 'e steat Floarida. |
Tallahassee (útspr.: [tælə'hæsi]) is de haadstêd fan 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida, en it haadplak fan it omlizzende Leon County. De stêd leit deunby de noardgrins fan 'e steat, likernôch op it plak dêr't it skiereilân fan Floarida en de saneamde Florida Panhandle (de noardwestlik kuststripe dy't net ta it skiereilân heart) byinoar komme. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Tallahassee doe goed 181.000 ynwenners. As alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite meirekkene wurdt, komt Tallahassee as stêdekloft út op in befolking fan goed 375.000 minsken.