Ter Apel | ||
Lokaasje Ter Apel yn de eardere gemeente Vlagtwedde | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.875 1 jannewaris 2019 | |
Oerflak | 0,82 km² | |
Befolkingsticht. | 11.094/km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9561, 9562 | |
Koördinaten | 52° 53' NB, 7° 4' EL |
Ter Apel (Grinslânsk: Troapel) is it grutste doarp yn de gemeente Westerwâlde, yn it goa Westerwâlde yn it súdeasten fan de provinsje Grinslân. Der wenje 8.875 minsken (2019). It plak leit oan de provinsjale diken N366, N976 en N391. Súdlik fan it plak leit it Ter Apelkanaal, it Stads-Terapel-Kanaal leit oan de westkant, de Ruiten Aa is in streamke dat oan de eastkant fan Ter Apel leit. It doarp foarmet de súdpunt fan de Semsliny.
Under Ter Apel falle ek de alve buorskippen Agodorp, Barnflair, Burgemeester Beinsdorp, De Bruil, De Maten, Hanetange (foar in part), Laudermarke (foar it grutste part), Munnekemoer, Roelage, 't Schot en Ter Haar.
Yn Ter Apel wurdt ien fan de grutste karnavalsfeesten fan Noard-Nederlân fierd. In grut part fan de ynwenners is roomsk. Yn 1953 sleat it roomsk-katolike Kleaster Ter Apel. Hjoed-de-dei wurdt it âlde tsjerkgebou fan it kleaster brûkt as herfoarme tsjerke.