Terminator 2: Judgment Day, ek wol koartwei Terminator 2 neamd, is in Amerikaansk-Frânske science fiction-aksjefilm út 1991 ûnder rezjy fan James Cameron, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger, Linda Hamilton, Robert Patrick en Edward Furlong. De titel betsjut "Beëiniger 2: Oardielsdei". It wie it twadde diel út 'e Terminator-filmsearje, nei The Terminator, út 1984.
It ferhaal giet oer de jonge John Connor, dy't yn 'e takomst de lieder fan it minsklik ferset wurde sil yn 'e oarloch tsjin in leger fan masines dat oanstjoerd wurdt troch de keunstmjittige yntelliginsje Skynet. Om syn tsjinstanner út te skeakeljen foar't er syn posysje berikke kin, stjoert Skynet jitris in robot werom yn 'e tiid om 'e jonge Connor te deadzjen, mar op 'e nij wit it ferset in beskermer werom te stjoeren om Connor te rêden. Dan is it inkeld noch de fraach wa fan beiden him it earst berikke sil.
De special effects fan Terminator 2: Judgment Day wiene baanbrekkend; sa waarden yn dizze film foar it earst yn 'e filmskiednis motion capture-techniken brûkt. Fan 'e filmkritisy krige Terminator 2: Judgment Day oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. De film wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's, fiif Saturn Awards en in Hugo Award, en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms ea makke. Yn 2003 ferskynde in trêde diel yn deselde rige, mei as titel Terminator 3: Rise of the Machines.