![]() |
Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Terneuzen is in stêd en gemeente yn Seelân. De stêd leit dêr't it Kanaal fan Gint nei Terneuzen op de Westerskelde útkomt en foarmet dêrmei foar in part de seehaven fan Gint. Terneuzen hat dêrtroch de op trije nei grutste haven fan Nederlân. As grutste plak yn Siuwsk-Flaanderen hat de stêd foar dat gebiet in sintrumfunksje. De gemeente Terneuzen ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm by in gemeentlike weryndieling yn 2003. Sûnt beslacht de gemeente it hiele middelpart fan Siuwsk-Flaanderen.
It plak krige stedsrjochten yn 1584. Foar 1877 waard stêd faak Neuzen neamd.