Thanksgiving | ||
![]() | ||
Winkeljend publyk yn Ottawa op 'e siik nei de juste pompoen foar it Thanksgivingmiel. | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
holden yn | húslik fermidden | |
tiid fan it jier | 2e moandei yn oktober | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Thanksgiving Day | |
oanlieding | tankberens foar de rispinge | |
soarte evenemint | kristlike hjeldei | |
bestean | 1879 – no |
Thanksgiving (Ingelsk foar "Tankjaan"; Frânsk: Action de grâce) of Thanksgiving Day (Ingelsk foar "Tankjoudei"; Frânsk: Jour de l'Action de grâce) is de Kanadeeske fariant fan Thanksgiving, dy't ek wol Kanadeesk Thanksgiving neamd wurdt ta ûnderskie fan Amerikaansk Thanksgiving en Thanksgivingfierings yn oare lannen en territoaria. It is in kristlike hjeldei mei de status fan in nasjonale feestdei, dy't fan oarsprong bedoeld wie om utering te jaan oan tankberens foar de rispinge, mei't dy sjoen waard as in seine fan God.