The Doom that Came to Sarnath

The Doom that Came to Sarnath
algemiene gegevens
auteur H.P. Lovecraft
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre horror / fantasy
skreaun 1919
1e publikaasje juny 1920, The Scot
bondel The Doom that Came to
   Sarnath and Other Stories
rige
rige Dream Cycle
● foarich diel The White Ship
● folgjend diel The Cats of Ulthar

The Doom that Came to Sarnath is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer H.P. Lovecraft. De titel betsjut: "De Doem dy't Sarnath Oerkaam". It ferhaal, dat ûnderdiel útmakket fan Lovecraft syn Dream Cycle, kin sawol yndield wurde by horror as by it fantasysjenre. It fertelt hoe't fier yn 'e prehistoarje de fiktive stêd Sarnath stifte waard, in die dêr't fuort al syn eigen doem yn besletten lei. The Doom that Came to Sarnath waard skreaun yn 1919 en waard foar it earst publisearre yn juny 1920, yn it Skotske amateurfiksjetydskrift The Scot. It makke ek diel út fan 'e ferhalebondel The Doom that Came to Sarnath and Other Stories, dy't yn 1971 publisearre waard.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne