The Mountains of Mourning

The Mountains of Mourning
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre science fiction
1e publikaasje 1989, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
bondel Borders of Infinity
Dreamweaver's Dilemma
prizen Hugo Award 1989
Nebula Award 1989
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich diel The Warrior's Apprentice
● folgjend diel The Vor Game
kodearring
ISBN 0 67 16 98 419

The Mountains of Mourning is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Vorkosigan Saga, Bujold har populêrste en omfangrykste searje, mar is in ôfrûne ferhaal, dat ek los dêrfan lêzen wurde kin. The Mountains of Mourning, dêr't Bujold sawol in Hugo Award as in Nebula Award mei wûn, waard foar it earst útjûn yn 1989, as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel Borders of Infinity. Yn 1996 makke it ek diel út fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma. The Mountains of Mourning is ûnderwilens oerset yn trettjin ferskillende talen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne