The Fens, ek bekend as Fenland, is in leechlizzend gebiet yn it easten fan Ingelân oan de Noardsee. It gebiet is yn de 17e iuw drûchlein ûnder de lieding fan de Nederlânske wetterboukundige Cornelis Vermuyden.
The Fens lizze foar it grutste part by en oan The Wash, in grut estuarium yn it Feriene Keninkryk, en hearre bestjoerlik ta de regio's East of England en East Midlands, de fjouwer greefskippen (Lincolnshire, Cambridgeshire, Norfolk en in lyts part fan Suffolk) en alve distrikten. It hiele gebiet hat in oerflak fan sa'n 3800 km². Wichtige plakken yn The Fens binne Boston, Spalding, Ely, Wisbech en King's Lynn.