The Sharing Knife: Beguilement | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2006, New York | |
oarspr. útjwr. | Eos | |
prizen | nom. R.T. Award 2006 | |
rige | ||
rige | The Sharing Knife | |
● foarich diel | gjint (is 1ste diel) | |
● folgjend diel | The Sharing Knife: Legacy | |
kodearring | ||
ISBN | 0 06 11 37 588 |
The Sharing Knife: Beguilement is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Beguilement minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as de romans út Bujold har oare searjes. Beguilement is it earste diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2006 en is ûnderwilens oerset yn sân talen.