The Sharing Knife: Passage

The Sharing Knife: Passage
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Eos
rige
rige The Sharing Knife
● foarich diel The Sharing Knife: Legacy
● folgjend diel The Sharing Knife: Horizon
kodearring
ISBN 978 0 06 13 75 330

The Sharing Knife: Passage is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It makket ûnderdiel út fan The Sharing Knife, ien fan Bujold har beide fantasysearjes, wêrfan't de earste fjouwer boeken in trochrinnend ferhaal foarmje. Sadwaande is Passage minder goed los fan 'e oare dielen te lêzen as romans út Bujold har oare beide romansearjes, de Vorkosigan-kroniken en de Chalion-syklus. Passage is it trêde diel fan The Sharing Knife. It waard foar it earst útjûn yn 2008 en is ûnderwilens oerset yn fjouwer talen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne