Thomas More | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Sir Thomas More | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1591-93 | |
1e opfiering | mooglik pas 1922, Londen |
Thomas More, yn it Ingelsk: Sir Thomas More, is in toanielstik út 'e Elizabetaanske Tiid, skreaun troch Anthony Munday yn gearwurking mei oaren. Sa't de titel al oanjout, giet it oer it libben en de dea fan Thomas More, de kânselier fan kening Hindrik VIII, dy't yn 1535 ûnthalze waard om't er wegere yn te stimmen mei de skieding fan 'e kening fan syn earste frou, Katerina fan Aragon. Thomas More is oerlevere yn 'e foarm fan ien inkeld manuskript (MS Harley 7368), dat op 'e noed is fan it Britsk Museum. It stik datearret yn syn oarspronklike foarm nei gedachten út 'e perioade 1591-1593, wylst it wierskynlik op 'e nij besjoen is yn 1596. Gjin fan beide ferzjes kamen troch de elizabetaanske sinsuer hinne, dat Thomas More is yn syn eigen tiid nea opfierd.