Til Ungdommen ('Oan de jonkheid'), ek bekind as Kringsatt av fiender ('Omkringe troch fijannen'), is in gedicht fan de Noarske dichter en sjoernalist Nordahl Grieg (1 novimber 1902 - 2 desimber 1943). De Deenske komponist Otto Mortensen (1907-1986) foarseach yn 1952 it gedicht fan in meldij. Withoe folle muzikanten en muzykgroepen hawwe dit liet opnommen yn harren repertoire. Nei de oanslach yn Noarwegen op 22 july 2011 waard it liet útfierd by ferskate betinkingsgearkomsten.