Tineke Dijkshoorn (23 septimber 1952), ek Tineke Dijkshoorn-Olsthoorn, is een reedrydster út Schipluiden. TYn de Fjirtjinde Alvestêdetocht op 26 febrewaris 1986 wist hja fan de 862 froulju dy't meidiene oan de tocht as earste te einigjen.
Yn 1984 waard se Nederlânsk kampioen inline skaten yn Hattem. Tineke Dijkshoorn is yn 2010 beneamd as earelid fan KNSB gewest Súd-Hollân
Op 18 jannewaris 2021 waarden Tineke Dijkshoorn en de earst einige froulju fan 1985, Lenie van der Hoorn en 1997, Klasina Seinstra, alsnoch huldige as winners. Ut hannen fan de foarsitter fan de Feriening de Fryske Alvestêden krigen se in oarkonde en in faas dêr't de rûte op ôfbylde stie.[1] De nammen fan de winnaressen op het monumint Alvestêderider waarden op 23 novimber 2022 ûntbleate.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |