Tinjitten is it meitsjen fan dingen middels raand tin yn in mal te jitten. At it tin stjurre is kin it út de mal helle wurde. Nei it ôfwurkjen fan de jitrânen is it foarwerp klear.
Dat tin sa'n gaadlik metaal foar jitten is, komt ûnder mear troch it lege raanpunt fan 505 Kelvin, dat is 232 °C. It metaal hat lykwols ek te lijen tinpest, in feroaring yn de kristalstruktuer tusken de 13 en 16 °C. Dy grins wurdt yn in myld klimaat nochwols oerhinne gien, wat fral effekt hawwe kin op tinnen oargelpipen yn tsjerken dy't faak ferwaarme wurde.
De tinjitter sil in tinlegearing mei in protte tin brûke moatte, minimaal 92% tin, oanfolle mei koper of antimoon. Fanwege de giftichheid wurdt lead net mear yn tinlegearings brûkt.
It tin wurdt yn in mal fan brûns getten. Brûns hat in goede waarmtelieding dat it floeibere tin kuollet fluch ôf. De mal wurdt iepenmakke en it stjurre tin wurdt derút kloppe. Tin kin ek yn foarmsân getten wurde. Dan wurdt der earst in model fan it foarwerp yn it sân ôfdrukt.