Titus Androanikus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Titus Andronicus | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1588-93 | |
1e publikaasje | 1594, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Titus Andronicus | |
publikaasje | 1966, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Titus Androanikus, yn it oarspronklike Ingelsk: Titus Andronicus (folút eins: The Lamentable Tragedy of Titus Andronicus, dat "De Beklaachlike Trageedzje fan Titus Androanikus" betsjut), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare (mooglik yn gearwurking mei syn kollega George Peele). It spilet yn 'e Romeinske Tiid en ferhellet oer de fiksjonele Romeinske legeroerste Titus Androanikus, dy't behelle rekket yn in sirkel fan wraak en werwraak mei Tamoara, de keninginne fan 'e Goaten. It is Shakespeare syn gewelddiedichste en bluodderichste toanielstik; hoewol't it yn syn eigen tiid tige populêr wie, wurdt it fanwegen de sensasjonele toansetting sûnt de Fiktoriaanske Tiid fan al syn stikken ornaris it minst wurdearre. Titus Androanikus wurdt yn 'e regel datearre tusken 1588 en 1593, en men is fan tinken dat it Shakespeare syn earste trageedzje wie. It waard foar it earst útjûn yn 1594. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1966.