Tomas fan Woodstock (toanielstik)

Tomas fan Woodstock
algemiene gegevens
oarspr. titel Thomas of Woodstock
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1582-1610
1e publikaasje 1929, Londen
oarspr. útjwr. Malone Society

Tomas fan Woodstock, yn it Ingelsk: Thomas of Woodstock (inkeld ek wol Richard II, Diel 1 neamd), is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in anonym en nammeleas manuskript (MS. Egerton 1994), dat op 'e noed is fan it Britsk Museum. Yn Tomas fan Woodstock wurde de foarfallen út it regear fan 'e Ingelske kening Richard II (reg. 1377-1399) behannele, dy't laten ta de moard op 'e omke fan 'e kening, Tomas fan Woodstock, de hartoch fan Gloucester, yn 1397. Der wurdt gauris fan útgien dat it stik sterk beynfloede is troch de Shakespeariaanske keningsstikken Richard II en Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2. Tomas fan Woodstock bestie inkeld as in anonym en ûnfolslein manuskript sûnder titel yn it besit fan 'e British Library, oant de tekst yn 1929 útjûn waard troch de Malone Society.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne